Op saterdeijûn 26 novimber, wie it safier. Ús donateurskonsert fan de lofstem yn de Kamp.
En troch de korona wie it al wer in setsje ferlyn dat wy sa’n konsert hân hienen, dat wy hienen der allegear sin oan.
Der gie nochal aardich wat tarieding oan foarôf: wat sil it tema wêze en wêr hâlde wy dat en hoe dogge wy dat? No, dêr is wakker oer praat wurden en ûteindelik kamen wy der út: It moast in feestelik konsert wurde, sa ûngefear as it konsert fan André Rieu op it Vrijthof yn Maastricht.
En mei dizze oanwizings binne wy oan de slach gien. Der waard muzyk útsocht, der waarden dûnsers frege fan dûnsskoalle Omar Smids út Ljouwert en wy fregen Joêlle en Hylkje as sy mei ús dûnsje woenen. Fanselts moasten wy dan ek fan dy moaie klean ha en dêrfoar binne wy yn groepkes fan 4 nei Opende (Gr) tein om klean te passen. No, ik kin jo sizze dat dat al in feest wie. De iene jurk wie net moaier as de oare, as moasten guon wol 2 maten grutter dan normaal. De tailles wienen nammentlik allegear nochal smel
De Kamp is tsjinwurdich ek hast te lyts foar sokke aktivteiten, want it korps nimt al in soad romte yn beslach en dan moatte de minsken der noch yn.
Mar it paste allegear krekt mei in protte stuollen op it poadium en yn de seal, koenen der sa’n 120 minsken sitte.
En wat ha wy in mooie jûn hân. De seal wie prachtig fersierd en foar de pauze waarden der moaie stikken spile en de jûn waard oan elkoar praat troch Froukje Veenstra. Ek hienen wy noch in serieus ûnderdiel yn it program, want der waarden 2 leden huldige en wol Trynke van der Veer foar har 50-jierrich muzikant wêzen en Andries Teijema foar 25 jier. Sy waarden tasprutsen troch it bestjoer fan de OMF, krigen in kettinkje en in spjelde en in moaie oorkonde.
Beide minsken binne hiel fertsjinstlik west foar de feriening as muzikant mar ek as bestjoerslid.
Nei de pauze mei ferlotting kamen de leden fan alle kanten de seal yn op in steatlike wize yn de prachtige klean. Wy hienen yn de pauze de stuollen der allegear út helle en yn plak dêrfan steantafels delsetten. De âldere minsken koenen op it poadium sitte en de oaren koenen stean sadat wy mear romte hienen. It program wie wikseljend mei de dûnspearen Anne jaap en Charlotte en Bert en Froukje Piekstra. Ek dienen Joëlle en Hylkje harren dûnskes en waard der omraak mei song troch it publyk.
André Rieu selts kaam oan it ein fan de jûn ek noch efkes del en mei de ‘Second Walz’ ha wy de jûn ôfslúten. In skitterend barren en dat yn eigen doarp.